Ferkeapaksje

Eltse skoalle of ferieniging organisearret graach leuk ekstra aktiviteiten foar harren learlingen en leden! Mar dizze aktiviteiten kostje faak jild. Jild wat net sa 1, 2, 3 foar hannen is. En om no wer ‘samar’ jild oan âlders te freegjen…

Mar wat as âlders (en pakes, beppes, omkes en muoikes) foar harren bydrage wat handichs, leuks en foaral wat te brûkken werom krije kinne? Dan wurd it al oars!

Doch dêrom mei dyn skoalle of ferieniging mei oan de ferkeapaksje fan Stichting Spotlights!

By in ferkeapaksje biede wy in pakket oan produkten oan, dy troch learlingen of leden ferkocht wurde kinne. Op elts ferkocht item krijt dyn skoalle of ferieniging fan ús leveransier kommisje.

Sa wurd mei de ferkeap fan 2 items per learling of lid al gau in behoarlik bedrach realisearre. En meitsje wy tegearre it projekt fan dyn skoalle of ferieniging mooglik.

Ynformear nei de mooglikheden en planning fia info@stichtingspotlights.nl, 06 – 333 535 96 of meld dyn yntresse fia de button.

Produkten

Hjirûnder fynsto de produkten dy by ij ferkeapaksje ferkocht wurde kinne.
De prizen fariearje fan € 1,50 oant € 18,50, dus foar eltse beurs wol wat.

Foar € 1,50 krijsto in moai reflotorbantsje.

Foar € 1,50 krijsto in handige boadskipperstas.

Foar € 3,50 krijsto in stevich ponkje.

Foar € 5,00 krijsto in praktysk rêchpûdsje.

Foar € 7,00 krijsto in handige reistas.

Foar € 9,00 krijsto in “ademend” sportshirt.

Foar € 12,50 krijsto in praktyske rêchpûde.

Foar € 15,50 krijsto in middelgrutte sporttas.

Foar € 18,50 krijsto in in grutte stevige sporttas.