Winter Wandeltocht It Hearrenfean2019-01-02T16:43:21+00:00

1e Heerenveenster Winter Wandeltocht

Op 26 jannewaris 2019 organisearret Stichting Spotlights de “1e Heerenveenster Winter Wandeltocht”. In leuke en ôfwikseljende tocht foar jong & âld mei meardere kuierôfstannen: 5, 10 en 15 kilometer en in fotopuzzeltocht fan 2,5 kilometer spesjaal foar bêrn en hun âlden/fersoarchers.

De opbringst fan dielname oan de kuiertocht komt ta goede oan Stichting Spotlights t.b.f. organisaasje fan eveneminten dy’t foar bêrn fergees binne op it mêd fan kultuer, sport en aktieve frijetiidsbesteging en Villa Joep foar ûndersyk nei “neuroblastoom kinderkanker”.

Nei de tocht is der noch genôch geselligens yn it “Museumcafé Belvédère” en de mooglikheid foar alle kuierders om nei te sitten ûnder it genot fan in drankje en in hapke.

Dochtso mei? Jou dy dan gau op fia de button hjirûnder.

Let op: Der kinne oan dizze tocht totaal maksimaal 300 kuierders meidwaan, dus mast der op tiid by wêze.

Oanmelde 1e Heerenveenster Winter Wandeltocht

Ynformaasje

Start en finish
Museumcafé Belvédère
Oranje Nassaulaan 12
8448 MT Heerenveen-Oranjewoud
ôfstannen, starttiden en ynskriuwjild
2,5 km tusken 08.30 en 09.00 oere, € 3,75 p.p.
5 km, tusken 09.00 en 10.30 oere, € 4,75 p.p.
10 km, tusken 09.00 en 10.30 oere, € 6,75 p.p.
15 km, tusken 09.00 en 10.30 oere, € 8,75 p.p.
alle ôfstannen inkl. oantinken foar alle dielnimmende bêrn.

Oanmelde 1e Heerenveenster Winter Wandeltocht

Ekstra’s

Wolsto in oantinken oan de kuiertocht hawwe? Meitsje dan in kar út ûndersteande produkten. De opbringst fan de ferkeap fan dizze produkten komt ta goede oan de aktiviteiten fan de goede doelen.

Foar mar € 1,25 krijsto in handich reflektor bantsje.

Foar mar € 2,75 krijsto in moaie, stevige bidon.

Foar mar € 4,25 krijsto in praktysk rêch-/gymtaske.

Oanmelde 1e Heerenveenster Winter Wandeltocht