Us Eveneminten2019-01-02T15:36:04+00:00

1e Heerenveenster Winter Wandeltocht

Op 26 jannewaris 2019 organisearret Stichting Spotlights de “1e Heerenveenster Winter Wandeltocht”. In leuke en ôfwikseljende tocht foar jong & âld mei meardere kuierôfstannen: 5, 10 en 15 kilometer en in fotopuzzeltocht fan 2,5 kilometer spesjaal foar bêrn en hun âlden/fersoarchers.

De opbringst fan dielname oan de kuiertocht komt ta goede oan Stichting Spotlights t.b.f. organisaasje fan eveneminten dy’t foar bêrn fergees binne op it mêd fan kultuer, sport en aktieve frijetiidsbesteging en Villa Joep foar ûndersyk nei “neuroblastoom kinderkanker”.

Nei de tocht is der noch genôch geselligens yn it “Museumcafé Belvédère” en de mooglikheid foar alle kuierders om nei te sitten ûnder it genot fan in drankje en in hapke.

Dochtso mei? Jou dy dan gau op fia de button hjirûnder.

Let op: Der kinne oan dizze tocht totaal maksimaal 300 kuierders meidwaan, dus mast der op tiid by wêze.

Mear ynformaasje en oanmelde

Yn desimber organisearre Stichting Spotlights 4 edysjes fan Jim Fryske Stim foar bêrn fan 8 jier ôf en hun pakes en beppes.

By Jim Fryske Stim stean Fryske ferskes en gedichten as ûnderdiel fan it ryke Fryske kulturele erfguod sintraal. En bêrn kinne hja hearre litte. Sjongend of as sprutsen foardracht. Wat hja mar wolle!

Eltse edysje fan Jim Fryske Stim wie fergees en foar alle bêrn fan 8 jier ôf dy mei dwaan woene. Jim Fryske Stim is mei mooglik makke troch stype fan de Provinsje Fryslân, hjirtroch koe it evenemint fergees plak fine.

Yn septimber en oktober organisearre Stichting Spotlights 6 edysjes fan de Fryske Sportatlon foar Basisskoallebêrn yn Fryslân. En mei troch stype fan de provinsje wie dielname oan dit unyke evenemint fergees!

Foarôfgeand oan de sportdagen yn de provinsje krigen alle basisskoallen yn hiel Fryslân in promoasjeboek fan de Fryske Sporten en de Fryske Sportatlon as oanrin nei de 6 eveneminten en mei mear ynformaasje oer de sporten yn it algemien en de ynhâld fan de dei yn it bysûnder.

Skoallen dy mei dwaan woenen koenen hun oanmelde foar de edysje fan hun kar. Hjir ha de learlingen ûnder fakkundiche begelieding kennis meitsjen kinnen mei de 6 fantastyske Fryske Sporten: Frysk Damjen, Hurdriden, Fierljeppen, Keatsen, Skûtsjesilen en Hynstesport.

Foar dyn skoalle of ferieniging.

Stichting Spotlights jout skoallen of ferienigingen de mooglikheid om mei te dwaan oan bysûndere ferkeapaksjes en unyke “sponsorlopen”!

Sa is it foar in skoalle of ferieniging mooglik om jild te fertsjinjen foar leuke ekstra aktiviteiten foar hun learlingen of leden.

Dielname oan in ferkeapaksje of “sponsorloop” is fergees en kin op inisjatyf fan in bestjoer of direksje, âldenried of aktiviteitenkommmisje, mar ek troch de âlders of bêrn sels.

Dyn Ferkeapaksje
Dyn Sponsorloop

Eardere eveneminten