Stichting Spotlights

Stichting Spotlights hat tot doel it begeunstigjen en stimulearjen fan talintûntwikkeling fan bêrn, jongerein en jong folwoeksenen en it bieden fan edukaasje-, ûntwikkel-, en stimulearringprogramma’s op it mêd fan kultuer, sport en aktieve frijetiidsbesteging.

Wy rjochtsje ús primêr op bêrn wêrfoar it troch sosjaal, ekonomysk of oare redenen net ienfâldich is oan aktiviteiten mei te dwaan. De eveneminten binne trouwens foar elts bêrn dy’t graach mei dwaan wol. En meidwaan is altyd fergees.

Om de eveneminten te organisearren bin wy ôfhinkelijk fan donaaasjes, dêrneist doche wy in berop op subsydzjejouwers en fûnsen én op minsken en bedriuwen dy in bydrage yn jild, tiid of troch stipjen fan produkten of tsjinsten leverje wolle.

Foar dyn skoalle of ferieniging

Stichting Spotlights jout skoallen of ferienigingen de mooglikheid om mei te dwaan oan bysûndere ferkeapaksjes en unyke “sponsorlopen”! Sa is it foar in skoalle of ferieniging mooglik om jild te fertsjinjen foar leuke ekstra aktiviteiten foar hun learlingen of leden.

Dielname oan in ferkeapaksje of “sponsorloop” is fergees en kin op inisjatyf fan in bestjoer of direksje, âldenried of aktiviteitenkommmisje, mar ek troch de âlders of bêrn sels.

Wurkwize

Stichting Spotlights wurket sawol op eigen inisjatyf as op inisjatyf fan en yn gearwurking mei bewenners fan in wyk, doarp of stêd.

Foar útfiering fan de aktiviteiten sykje wy altyd in gearwurking mei pleatslike wykteams, jongereinwurk, sportbedriuwen, basis- en middelbiere skoallen, ferienigingen en oare relevante partijen.

Wolsto Stichting Spotlights helpe om de eveneminten fergees te hâlden? Lit dyn skoalle of ferieniging dan kontakt mei ús opnimme, dan kin wy sjen as wy yn gearwurking wat foar elkoar betjsutte kinne.

Partners